Inloggen
voeg je hartenkreet toe

Hartenkreten

Hoor, de merel zingt, friese tekst

HARK! DE KLYSTER SJONGT

Hark, de klyster sjongt! Fannemoarn om seis oere wekker wurden en hearde in klyster sjongen. Jonge jonge wat waard ik bliid. Fuort en daliks sette ik it finster iepen, it wie nog tsjuster. Hy song hiel moai, kalm, boartlik, lud, helder, mei faryaasje, as wie it al maaitiid.

It wie mar in momint, tsien minuten, en doe wie it oer. Ik wie efkes gelokkich en hie ynspyraasje foar dit stikje en skreaun it al yn myn skrieuwerskopke. Dit boek kinne sy my net ferbiede. Ik skrieuw wer oer myn eigen ik mar yn in oare foarm, dan slagget it wol mei de Fryske taal.

Sa as ik al sei, it wurdt maaitiid. Ik fiel it oan de trilling yn e loft. Dat fiele fugels ek, it wurd ommers waarmer, tsien graden no. De ljip is werom, de klyster sjongt, de merel yn it hollansk foar wa t it net wit. Dy fryske taal is wol moai mar lestig om te typen mei al dy lytse streekjes op e letters, mar ja.

It libben is net mear as in moment. Mar oer dat moment dat it my rekket haw ik it no. Dan binne jo efkes gelokkich en ien mei jo gefoel. Foar de rest is it libben meastal hiel gewoan, mar dat is ek it aardiche. De houtdo hat gjin fyan, in makkelik libbentsje. De Minsk is dan wol sterk mar moat him hieltiid wer oanpasje, en dat doch ik dan ek mar al is it wol mei muoite.

De Skepper hat it allegeare sels sa betocht. Der lusterje ik nei, hy hat my sa makke as ik bin en sa is it goed, sa is dy lytse ofwyking by my dan wol te ferdraagen, want werom is in banaan dan krom en ik net? De natoer moatte jo respekteare want it sit hiel knap yninoander en yn balans. Sommige fugels fleane nei it suden en komme dan yn e maaitiid wer werom, dat is moai betocht. Maar sa n lyts sweltsje moat dan wol efkes 20.000 kilometer fleane ut Afrika wei, in hiele ynspanning om in pear migjes te fangen en de jongen grut te sjen wurden. Der komme dan wer migjes yn e simmer, dy doagenieten, eltsenien hat der in hekel oan. Se soeme om e holle en dan kinne jo net sliepe en se stekke ek nochris sa ful. Mar no bin al wer te fier, sa gean myn gedachten, altyd yn e tiis en ik sis no mar fan Ho!

By it sangkje fan de ljurk wurd ik trouwens hielendal lyrysk, mar dy binne hjir hast net mear. It wunder der Natuur is foaral te fynen op de Buorkery, der is elke dei gelyk en toch wer nei. Sa moat it ek, in hierarchie. Ik stean ergens under oan mar haw myn Freiheid, en dat is hiel foarnaam. Ik bin in soort Frije Fugel, mei syn eigen sangkje, dit stikje. It wie mar in moment, mar no is it dan wol Maaitiid wurden, de fugels binne wer wekker! Skande dat we fan e wyke wer rein krije, mar foardatsto it wist is it alwer hjerst en begjint de Hiele cyclus op e nei. Wy moatte skrabje en reste, sliepe en ite, en mar net tefolle prakkeseare.

As de klyster sjongt
Dan bring ik dy in
Tittel roaske… Fugeltjse Fopke

Schrijver: foppe oostenbrug, 19 maart 2008


Geplaatst in de categorie: natuur

3.3 met 9 stemmen 1.185



Er is 1 reactie op deze inzending:

Naam:
Iris
Datum:
4 oktober 2008
Die Friese tale gelijkt sterk op West-en Oost-Vlaams dialect. Bij het (proberen) lezen werd ik ook hielendal lyrysk.

Geef je reactie op deze inzending:

( vink aan als je niet wilt dat je e-mailadres voor anderen in beeld verschijnt)